Regels tsjin 'verpaarding'

© Omrop Fryslân
Tytsjerksteradiel komt mei maatregels tsjin de bou fan allegear fasiliteiten foar hynders. Der wurde de lêste tiid nochal wat nije hynsteboksen, hynstebakken en maneezjes boud yn de gemeente. Dat komt omdat it hâlden fan hynders bot populêr wurden is.
Eardere pleatsen wurde geregeld kocht troch hynstehâlders. Om dy geskikt te meitsjen foar it hâlden fan hynders, wurdt der faak fan alles bijboud. Dat giet ta skea fan it lânskip.