Juridyske striid oer steigers

Rederij Waddentransport mei ein oktober fjouwer dagen gebrûk meitsje fan de steigers fan Rykswettersteaat yn Harns en West-Skylge. De rederij ferfiert dan merke-attraksjes nei it eilân.
Rederij Doeksen claimt it allinne-rjocht foar de steigers. Yn in koart pleit hat de rjochter bepaald dat Wadden Transport der tusken 21 en 24 oktober ek oanlizze mei. Der is al jierren striid oer de oanlissteigers.