Wurk rûnwei Snits fertrage

It wurk oan de rûnwei giet jûns en nachts toch troch
It wurk oan de rûnwei fan Snits rint tiisdei bot fertraging op trochdat de oanfier fan grûnstoffen mear tiid yn beslach nimt. En dat betsjut dat der tiisdeitenacht trochwurke wurde sil, oant in oere as trije. Buertbewenners binne dêr mei in brief fan op de hichte brocht.
Moandei duorre it allegear ek langer as at fan tefoaren tocht waard. Doe waard oant tsien oere jûns trochwurke.