Omropgebou yn it ljocht

It keunstwurk fan Ids Willemsma yn LED-ljocht
It gebou fan Omrop Fryslân is moandeitejûn op in spesjale wize yn it ljocht set. It gie om in proef fan it bedriuw de Technische Unie en Philips. Dy wolle Fryske ûndernimmers yn de kunde bringe mei LED-ferljochting.
Dy ferljochting nimt kwalik enerzjy en kin saaie gevels moai útljochtsje. Tiisdeitejûn wurdt it eksperiment werhelle.