Fytsbrêge Nijetrine gefaarlik

© Omrop Fryslân
Pleatslik Belang Nijetrine besjocht oft it by de gemeente Weststellingwerf oantrune sil op it oanpakken fan de fytsbrêge yn it doarp. Ofrûne snein foelen der hast twa deaden op de brêge doe't it kontragewicht nei ûnderen kaam.
In stikkene harpsluting wie dêr de oarsaak fan. Neffens de buert hat de brêge al jierren ferlet fan in ûnderhâldsbeurt, mar is dat noch hieltyd net bard.