34ste Strontrace los

15 okt 2007 - 16:16

Yn Warkum is moandei de 34ste edysje fan de Strontrace útein set. Njoggen skippen besykje om sa mooglik op en del nei Warmond yn Noard-Hollân. Oan board ha se droege stront, dy't se yn Warmond achterlitte moatte.

De strontrace is yn 1973 ûntstien as earbetoan oan de Fryske skippers dy't eartiids Fryske dong foar in protte jild ferkochten oan de eigners fan earme grûn by Warmond.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)