Twa nije ryksmonuminten

Fryslân krijt der twa nije ryksmonuminten by. It giet om it pipermuntfabryk fan Tonnema yn Snits en om de wettertoer fan Dokkum.
Beide gebouwen steane op de list fan topmonuminten út de perioade 1940 -1958. De list is makke troch de rykstsjinst foar monuminten en sil moandeitemiddei troch minister Plasterk presintearre wurde. Peter Karstkarel fynt de twa nije Fryske monuminten op de list 'te min'.