Buske botst op plysje-auto

© Omrop Fryslân
Op de N31 by Harns is moandeitemoarn in buske op in plysjeauto riden. It ferkear hat der in soad lêst fan hân omdat de dyk in skoftke ôfsletten west hat om de wrakken op te romjen.
Ien plysjeman rekke by de botsing licht ferwûne oan de holle. Doe 't it ferkear wer begûn te riden neidat de Keningsbrêge ticht west hie, rekke it buske op de ferkearde helte fan de wei en ramde de plysjeauto, dy't fan de oare kant kaam, yn 'e side.