De Gordyk:70 peallen fernield

14 okt 2007 - 15:40

De Gordyk hat dit wykein foar in grut part yn it tsjuster sitten. Der binne mar leafst sa'n 70 lantearnepeallen fernield. Dat is bard yn de omjouwing fan de Schansburg, Compagnonstrjitte, Trimbeets, Tjerk Hiddes en Ikemoune.

De fernielings binne sneontemiddei ûntdutsen. It kapke op de peallen is ferwidere, wêrnei't de betridding fernield is. De plysje is snein út ein set mei in buertûndersyk en freget tsjûgen har te melden op 0900 - 8844.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)