Frou stutsen mei fleisfoarke

14 okt 2007 - 15:24

In frou (40) út Snits is sneontejûn stutsen mei in fleisfoarke troch in plakgenoat (54). De frou wie op besite by de man en woe him helpe by it iten sieden. De man hie hjir blykber gjin ferlet fan, pakte in fleisfoarke en stuts de frou yn de hân.

Se belle dêrop de plysje. Dy hat har nei it sikehûs yn Snits brocht. Nei behanneling koe se wer nei hûs. De man waard yn it sintrum oantroffen en oanholden. Hy is ynsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)