'Swaailjocht op rêdingsboat'

'Rêdingsboaten mei swaailjocht kinne rapper help biede'
Rêdingsboaten kinne folle feiliger en rapper help biede as se ûnderweis in swaailjocht brûke meie, al of net mei in sirene. Dat boadskip fan de rêdingsmaatskippij KNRM op Skylge sil de PvdA yn de Twadde Keamer oankaarte by minister Klink fan Folkssûnens.
De KNRM wol deselde rjochten as in ambulânse, seit PvdA 2e Keamerlid Luts Jacobi. Se wie sneon op wurkbesite op Skylge. De rêdingsboat op Skylge hat no wol ien, yllegaal, swaailjocht.