STAF begjint iepenloftkommisje

14 okt 2007 - 13:20

Stifting Amateurtoaniel Fryslân hie ôfrûne woansdei foar de fyfde kear in gearkomste belein mei alle iepenloft organisaasjes yn Fryslân. It bestjoer fan STAF hie earder it beslút naam dat der in kommisje iepenloft komme moat.

Dat past by de doelstellings fan de stifting, dêr't op it stuit 142 amateurselskippen by oansletten binne. Haaddoel fan de kommisje is om gear te wurkjen op allerhanne mêd oangeande it iepenloft barren yn Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)