Nij skiphûs KNRM yn Harns

Yn Harns is sneon in nij skiphûs fan it rêdingsstasjon offisjeel iepene. It nije ûnderkommen wie nedich omdat de KNRM in nije rêdingsboat hat. Dy past net yn it besteande skiphûs.
De nijbou koe betelle wurde troch in neilittenskip en troch jeften fan bedriuwen en partikulieren. De frijwillige bemanning fan de rêdingsboat hat de ferbouwing sels foar syn rekken naam, sadat in ek soad jild útsparre is.