Lespakket oer mûnen

13 okt 2007 - 10:43

Mei in spesjaal lespakket wol de Museumfederaasje Fryslân bern fan 'e basissskoalle mear leare oer mûnen. Skoallen kinne in leskiste liene dêr't ynformaasje ynsit oer hoe't mûnen wurkje. De lessen wurde ôfsletten mei in besite oan in mûne yn 'e buert.

Oant no ta dogge fiif basisskoallen mei oan it projekt, mar allee skoallen yn 'e provinsje kinne har der foar opjaan. De leskiste is freed offisjeel presentearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)