Nij gemaal falt djoerder út

© Omrop Fryslân
De bou fan in nij gemaal by de sânwinput Skûlenboarch kostet it Wetterskip folle mear as begrutte. It gemaal moat in 1.200 bunder grut gebied fan genôch en skjin wetter foarsjen.
Der wie 400.000 foar útlutsen; it Wetterskip soe mear as 150.000 betelje. Mar de bedriuwen dy't it gemaal bouwe kinne, freegje no mear jild. Dêrmei falt de rekken foar it Wetterskip 125.000 euro heger út.