Beerens skoart by Jong Oranje

12 okt 2007 - 21:34

Jong Oranje hat freed Estlân ferslein. De ploech fan Foppe de Haan wûn yn Tallinn mei 3-0. It gie om de tredde groepswedstryd yn it kwalifikaasjetoernoai foar it Europeesk kampioenskip fan 2009.

Roy Beerens fan Sportclub Hearrenfean skeat nei de rêst de bal yn it doel fan de tsjinpartij. Yn de earste helte hie Evander Sno fan Celtic dat al twa kear dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)