Tsjinstanners wiis mei beslút

© Omrop Fryslân
Tsjinstanners fan de bou fan twa grutte appartemintegebouwen yn Grou binne optein oer it skrassen fan de boufergunning. De rjochter fynt de gebouwen te grut en te massaal en hat dêrom de fergunning foarearst ynlutsen.
Omdat it beslút noch net definityf is, sette de tsjinstanners har striid wol troch. Sa nedich skeakelje se ek de Raad van State yn. De plannen foar de appartemintegebouwen komme fan wenningkorporaasje Welkom.