Crone beneamd as boargemaster

© Omrop Fryslân
PvdA-er Ferd Crone is hjoed troch it kabinet beneamd ta boargemaster fan Ljouwert. Crone waard begjin septimber troch de gemeenterie foardroegen as opfolger fan Geert Dales.Crone begjint mei syn wurk op 15 novimber.
Om funksje fan de nije boargemaster fan Ljouwert hat in soad komoasje west. Arno Brok wie de earste kar fan de fertrouenskommisje. Mar de gemeenteried keas foar Crone, de nûmer trije.