Fargeul Flylân is fersterke

It wurk oan de fargeul by Flylân is klear. Earder dit jier drige de geul yn te sakjen en dan soe ek de dyk om it eilân mei gean kinne. Rykswettersteat hat de kanten fan de fargeul dêrom fersterkje litten mei sân en stielslakken.
Ut peilings hat bliken dien dat it risiko fan ynsakjen no foarby is. It droechlis-ferbod dat earder ynsteld waard is dêrom opheft. Ek mei der wer Waadrûn wurde.