Noardske falk yn nêstkast

12 okt 2007 - 12:00

It fûgelhúske oan de elektrisiteits-sintrale fan Burgum kin no toch rekkenje op belangstelling fan de noardske falk. Fannewike is foar it earst sa'n fûgel sjoen by de nêstkast. Dy kast waard yn febrewaris fan dit jier al ophongen op 40 meter hichte, spesjaal foar de noardske falk, mar dy kaam der net yn.

Fan't maaitiid hat der in wikel yn sitten te brieden en dy hat der ek fiif jongen grutbrocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)