Drachten hat nij plysjeburo

Yn Drachten is freedtemiddei it ferboude en fernijde plysjeburo iepene. Yn it fernijde gebou is plak foar 160 plysjeminsken fan fiif ferskillende teams. It giet dan om ûnder oare rezjerzjeurs en minsken fan de hûnebegelieding.
It plysjeburo yn Drachten wurdt fan no ôf ek de basis fan wêrút wurke wurdt oan slimme saken, lykas in moard of ûntfiering.