Palet nei de rjochter

© Omrop Fryslân
Soarchorganisaasje Palet driget de útfiering fan de húshâldlike help yn Noardwest Fryslân hielendal mis te rinnen, wylst Palet de oanbesteging dêroer wol wûn hat. Konkurint Het Friese Land krige yn septimber fia de rjochter al de gemeenten Harns, Flylân en Skylge.
Palet giet yn berop tsjin de útspraak. Want de organisaasje driget no ek it wurk yn de oare fiif gemeenten yn ît noardwesten net te krijen.