Ritsma net nei NK ôfstannen

Ritsma helle it net op de 5.000 meter...
Reedrider Rintje Ritsma hat him op de 5.000 meter net pleatst foar it NK ôfstannen. By seleksjewedstriden foar dit kampioenskip op it Hearrenfean slagge hij der net yn om by de earste tsien te riden. Dat wie nedich om wis te wêzen fan pleatsing.
Der wurde noch wol twa ekstra riders oanwiisd troch it reedridersbûn KNSB. Mar nei alle gedachten sil Ritsma net foar sa'n plak yn de beneaming komme.