Restauraasje muorreskildering

11 okt 2007 - 13:57

Yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert wurdt op dit stuit wurke oan de restauraasje fan in wichtige muorreskildering. It skilderwurk stamt út begjin 15e ieuw. It giet om in râne fan blommen tsjin it plafond fan de kosterij fan de tsjerke.

De skildering is belangryk omdat der út dy tiid net sa'n soad fan dy keunst oerbleaun is. De Grutte Tsjerke hearde doedestiids by in kleaster fan de Dominikanen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)