Grêfrjochten bringe minder op

© Omrop Fryslân
De gemeente Smellingerlân hat in flinke tsjinfaller yn de opbringsten foar de grêfrjochten. It giet om in bedrach fan sa'n 180.000 euro.
Sûnt der yn Drachten in krematoarium stiet, wurdt dêr mear gebrûk fan makke as tocht wie. Ek is der minder ferlet fan de djoerdere dûbellaachs grêven op in nij begraafplak by Nijtap en wurde grêven folle earder romme. De ynkomsten út de grêfrjochten falle dan fuort.