Hurdfytser Beima nei Rabobank

Marcel Beima wurdt oplaat by de Rabobank
Hurdfytser Marcel Beima fan Hurdegaryp is opnaam yn it opliedingsteam fan de Rabobankploech. De 24-jierrige amateurfytser besiket al langer yn it profrennen te kommen. Earder dit jier hat er yn it T-Mobile team as stazjêre meiriden. Dêrfoar ried Beima yn it team Time Van Hemert.
Pieter Weening fan de profploech fan de Rabobank is ea ek begûn yn it saneamde continentalteam fan de Rabobank.