Elma de Vries mei net ride

11 okt 2007 - 12:03

Reedrydster Elma de Vries fan de Haule mei net meidwaan oan de kwalifikaasjewedstryd foar de 1500 meter op it NK ôfstannen. De Vries hie foar 12.00 oere middeis op 8 oktober de limyt ride moatten. Mar se die dat net earder as de jûns. Dêrom mei se net meidwaan oan de kwalifikaasje.

De kwalifikaasjewedstriden binne sneon yn iisstadion Thialf op it Hearrenfean. It NK ôfstannen is dêr ein oktober ek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)