Bibliobus mei selsbetsjinning

Je kinne je tenei sels rêde yn de bibliobus
Boarnsterhim en Tytsjerksteradiel hawwe de earste bibliobus mei selsbetsjinning. De bus rydt sûnt tongersdei lâns de haltes yn de gemeenten.
Minsken dy't boeken yn de bus liene, hoege dy net mear registreare te litten by in meiwurker, mar kinne dat sels dwaan. Ek it ynleverjen giet automatysk. Dêrtroch kin it tal meiwurkers op de bus werombrocht wurde fan twa nei ien.