23 gadingmakkers Opsterlân

© Omrop Fryslân
Der ha 23 minsken sollisitearre op de funksje fan boargemaster fan Opsterlân. Dêr binne fjouwer froulju by. Under de gadingmakkers binne seis âld-boargemasters en tsien wethâlders. De oaren ha allegear in bestjoerlike of amtlike achtergrûn. De measten binne tusken de 50 en 60 jier.
Kommissaris fan de Keninginne Nijpels makket in seleksje. In fertrouwenskommisje draacht dêr twa fan foar oan de gemeenteried.