Breeuwsma en Knegt nei Azië

11 okt 2007 - 09:32

Shorttrackers Daan_Breeuwsma fan Aldeboarn en Sjinkie_Knegt fan Bantegea binne selektearre foar twa wrâldbekerwedstriden yn Azië. Yn it wykein fan 19, 20 en 21 oktober ride se yn it Sineeske Harbin, in wike letter folget in wedstriid yn it Japanske Kobe.

Yn it lêste wykein fan novimber komt de wrâldtop fan it shorttrack nei Thialf op it Hearrenfean foar in wrâldbekerwedstriid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)