Akwadukt by Ljouwert

10 okt 2007 - 21:12

De kommende fjouwer jier wurdt 120 miljoen euro ynfestearre yn de berikberens fan Ljouwert. Sa wurdt it Drachtsterplein oanpakt en ek de trochstreaming op de rûnwei.

Der wurdt 38 miljoen stutsen yn in akwadukt oan de súdwestkant fan Ljouwert. It akwadukt ûnder it Van Harinxmakanaal komt te lizzen op it plak dêr't no de Zwettebrêge leit. It ferkear út it suden en westen soe sa de stêd better ynkomme kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)