Jild foar sintrale Drachten

© Omrop Fryslân
Minister van der Hoeven fan ekonomyske saken jout tsien miljoen euro foar de bou fan in ZEPP-sintrale yn Drachten. De sintrale kin enerzjy opwekke foar 150.000 húshâldens. Dat is de helte fan alle húshâldens yn Fryslân.
De CO-2 dy't frijkomt by de winning fan it gas dêr't de stroom mei opwekt wurdt, komt net yn de loft. Ynstee dêrfan komt it yn de grûn, dêr't it gas weihelle is. Sadwaande wurdt de loft net fersmoarge.