Gjin operaasjes mear yn Harns

10 okt 2007 - 17:11

It MCL hat besletten dat mei yngong fan febrewaris 2008 gjin operaasjes mear útfierd wurde sille yn de festiging yn Harns. It MCL hat dit bekend makke op in parsekonferinsje oer de takomst fan it Harnzer sikehûs.

It sikehûs giet fierder as poliklinyk mei mear spesjalisten as earder, mar operaasjes wurde tenei yn Ljouwert útfierd. De operaasjekeamer yn Harns is ferâldere. Om dy by de tiid te bringen soe 3 miljoen euro kostje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)