Brêge feroarsaket files

© Omrop Fryslân
De nije brêge oer it PM-kanaal bij Stroobos wurdt faak net weromdraaid at der skippen trochgien binne. Sadwaande steane der geregeld lange files. Dat hat Pleatslik Belang heard fan minsken dy't de brêge brûke. De provinsje is ferantwurdlik foar de betsjinning. Dat gebeurt fia in kamerasysteem, fanút in gebou by Skûlenboarch ûnder Jistrum. ' De brêge is begjin dit jier yn gebrûk naam. Pleatslik Belang sil de provinsje oansprekke oer de problemen.