Nije huzen yn lytse doarpen

De nije wenten yn Jirnsum
Yn Jirnsum binne woansdei de earste huzen fan it projekt 'Wenjen yn lytse doarpen' oplevere. Neffens deputearre Andriesen bewiist it projekt dat bouwe yn lytse doarpen hiel goed kin, ek al tinke guon ynstânsjes dat it net kin.
Yn Boarnsterhim komme meiïnoar 79 hierwenten en keapwenten yn Reduzum, Poppenwier, Raerd, Jirnsum en Terherne. Woansdei krigen fjouwer nije bewenners fan huzen yn Jirnsum de kaai fan harren hûs.