Brân yn mobile himpkwekerij

© Omrop Fryslân
Der hat woansdeitemiddei brân west yn in mobile marihûanakwekerij. It kwekerijke seit yn in oanhinger, dy't parkeard stie yn in loads yn Sint Nyk. De brânwacht hie in soad muoite om by de brân te kommen. De slotten op de loads wiene ferfongen en de eigner hie gjin kaaien.
De brân gie nei ferrin fan tiid wer fansels út. By it ûndersyk fûn de plysje noch in mobile himpplantaazje yn in oare oanhinger.