Ynfal by autosloper Burgum

© Omrop Fryslân
Plysje, arbeidsynspeksje, gemeente, belestingtsjinst en dûane ha woansdei meiïnoar in ynfal dien by in autosloopbedriuw yn Burgum. De ynfal waard dien nei in top oer swart wurk by de autosloper.
De belesting en de frjemdlingeplysje ha neat oantroffen dat net yn 'e oarder wie. De oare ynstânsjes binne noch dwaande mei har ûndersyk. De plysje die mei om de ynspekteurs te stypjen en te beskermjen by har wurk.