Skeel gemeente en Explosion

10 okt 2007 - 10:46

Smellingerlân en Explosion kinne it net iens wurde oer de skeafergoeding dy't de dragraceklub betelje moat. By races fan Explosion is de Drachtster airstrip skânsearre. De gemeente wol de kosten werom ha fan Explosion.

De klub wol lykwols allinnich betelje as it de garânsje krijt dat ek de kommende fiif jier raced wurde mei op de airstrip. De gemeente wol dy garânsje net jaan, omdat de races yn striid binne mei it bestimmingsplan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)