Henk van Brussel ferstoarn

© Omrop Fryslân
Ald-fuotbaltrener Henk van Brussel (72) is snein yn Turkije ferstoarn oan in hertoanfal. Van Brussel makke yn de jierren tachtich furore as trener fan Hearrenfean troch tige oanfallend te fuotbaljen. Syn oanpak waard bekend as 'De Brusselse kermis'. Van Brussel sette Hearrenfean nei in tal minne jierren wer sportyf op de kaart.
Sc Hearrenfean die ûnder Van Brussel ferskate kearen mei oan de neikompetysje.