Nijefurd wol weryndiele

© Omrop Fryslân
De gemeenteried fan Nijefurd is unanym foar in weryndieling. Der binne neffens de ried twa serieuze opsjes dy't ûndersocht wurde moatte.
De earste opsje is in fúzje mei Snits, Wymbritseradiel, Gaasterlân-Sleat, Nijefurd, Boalsert en parten fan Wûnseradiel. Dan krije je in gemeente mei goed 90-túzen ynwenners. De oare opsje is sûnder Wymbritseradiel en Snits, dan bliuwe der goed 42-tûzen ynwenners oer.