Aris ferliest foar twadde kear

09 okt 2007 - 23:34

Basketbalklub Aris Friesland fan Ljouwert hat ek de twadde wedstryd yn de kompetysje ferlern. Tsjin ZZ Leiden waard it 97-90.

Flak foar de wedstryd yn de warming up foel spulmakker Roy Booker út mei in ljiskblessuere. Topskoarder waard Dillion Sneed. Hy makke 37 punten. Aris moat sneon wer oan de bak yn Bergen op Zoom tsjin de West Brabant Giants.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)