Kollektedief krijt trije jier

© Omrop Fryslân
De frou (43) út Drachten dy't de kollekte-opbringsten foar de Kankerbestriding yn eigen bûse stutsen hat, hat trije jier sel krigen wêrfan ien jier ûnder betingst. De straf is sa heech, omdat de rjochtbank fynt dat de frou it betrouwen dat de mienskip yn har steld hie, hiel bot skeind hat.
Tusken 2002 en 2006 hat de frou goed 160.000 achter oer drukt. De organisaasje fan de Kankerbestriding is tefreden oer de straf.