Strop mei ympregnearre hout

09 okt 2007 - 13:59

In grutte partij ympregnearre hout dat troch rekreaasjeskip de Marrekrite brûkt is foar walbeskoeiings en steigers, ferrottet folle gauwer as ferwachte. It giet om hout dat yn de twadde helte fan de njoggentiger jierren brûkt is by lisplakken rûnom yn de provinsje.

Der wie op rekkene dat it hout 25 jier meigean soe, mar dat slagget net. Ferfanging fan it hout wurdt in djoere grap. It sil ek in soad tiid kostje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)