Markante horekaman yn Drachten

© Omrop Fryslân
Jan Gaastra fan restaurant De Koriander yn Drachten is útroppen ta Meast Markante Horekaûndernimmer fan 2007 yn Fryslân. De sjuery fynt him 'markant' omdat er wille hat yn syn wurk en omdat er dat kombinearret mei hege kwaliteit.
Gaastra is ien fan de tolve regionale Markant-winners. Op it jierkongres fan de Koninklike Horeca Nederland yn novimber wurdt de lanlike winner bekend makke.