Stjerre-aktiviteiten op Flylân

09 okt 2007 - 10:38

Flylân wol mear dwaan mei de stjerren. It eilân is ien fan de tsjusterste plakken fan Nederlân, dêr't stjerren dus goed te besjen binne. Dizze wike is de earste aktiviteit, foar de eilanners. Yn de rest fan oktober binne benammen de toeristen wolkom.

Doel is de kommende jierren mear aktiviteiten oer stjerren te ûntwikkeljen. It ynformaasjesintrum De Noordwester spilet in sintrale rol yn de organisaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)