Mboua spilet ynterlân

Mboua: ûnderweis nei Peking?
Fuotballer Marc Mboua fan Cambuur is ûnderweis nei Marokko foar in ynterlân fan it Olympysk alvetal fan Kameroen.
De oanfaller spilet sneon tsjin Marokko. Dy wedstryd is wichtich mei it each op kwalifikaasje foar de Olympyske Spelen yn Peking, takom jier. Kameroen hat op dit stuit de bêste papieren, mar Marokko is de grutste konkurrint. Mboua is by sawol Cambuur as it Olympysk alvetal fan Kameroen topskoarder.