Peiling oer weryndieling

09 okt 2007 - 10:01

De gemeente Wûnseradiel sil de miening fan de ynwenners oer weryndieling hifkje. B. en w. wolle witte oft de gemeente wol weryndiele moat en as soks needsaaklik is, mei hokker gemeenten. Wûnseradiel is populêr by de buorgemeenten. Sa joech Harns earder al oan wol wat te sjen yn in fúzje. Koartlyn sei Wymbritseradiel ek al dat Wûnseradiel goed past yn de plannen foar in grutte Súdwesthoekegemeente.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)