Strjitferbod op de Lemmer

© Omrop Fryslân
Boargemaster Bosma fan Lemsterlân hat in man út Rutten fjouwer wiken lang ferbean op de Lemmer te kommen. Bosma hat dat dien omdat de man hieltyd wer foar oerlêst soarget as hy ûnder ynfloed is fan drank en drugs.
It is de twadde kear dat de boargemaster in strjitferbod oplein hat. Earder mocht de man út Rutten al foar in perioade fan 72 oeren net op de Lemmer komme. De man is al hiel faak oanhâlden troch de plysje.