Earste ferlies Jong Cambuur

08 okt 2007 - 23:08

Jong Cambuur is moandeitejûn by Heracles yn Almelo tsjin it earste ferlies fan it seizoen oprûn. It waard 3-1.

By it skoft wie it al 3-0 foar de thúsploech. Cambuur koe noch wat werom dwaan, mar René van der Weij miste in strafskop. Heracles wie foar it skoft dúdlik de bettere ploech. Yn de twadde helte makke Ale de Boer op 'e nij út in strafskop 3-1. Necmettin Imac rekke dêrnei noch in kear de peal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)