Crone keapet hûs oan Emmakade

De nije boargemaster fan Ljouwert Ferd Crone hat in hûs kocht oan de Emmakade yn Ljouwert. It giet om in hûs oan de noardkant, dat te keap stie foar 474.500 euro.
Crone docht it dêrmei better as syn foargongers. De gemeente betelle skoften de wenlesten fan Dales, omdat hy muoite hie syn hûs yn Amsterdam te ferkeapjen. Ek Loekie van Maaren hie it dreech in goed plak te finen. Sy wenne in skoftke yn Marsum.